Rekôrtal kroegen yn Popronde

14 okt 2010 - 16:26

Der dogge dit jier in rekôroantal Ljouwerter kroegen mei oan de jierlikse Popronde. De taname komt benammen troch in gemeentlike lûdsûntheffing.

It festival wurdt organisearre troch radio 3FM, ynternetmagazine 3voor12 en Stichting Friesland Pop. It jout ûnbekende bands de kâns om sawol yn de eigen provinsje as dêr bûten bekendheid te krijen. Yn Ljouwert sille goed 20 bands harren lûd hearre litte yn sa'n 13 kafees en kroegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)