Rekôrtal hurdrinners Flylân

13 aug 2011 - 11:35

De heale maraton dy't snein foar de 15e kear hâlden wurdt op Flylân hat mei 1.000 dravers in rekôrtal dielnimmers. Dy rinne net allinne de heale maraton, mar ek de 10 en 5,5 kilometer.

Neffens de organisaasje is de temperatuer fan 20 graden dy't foar snein ferwachte wurdt ideaal foar it hurdrinevenemint. Omdat it trajekt troch de dunen giet moat it net té waarm wêze. De organisaasje hopet wol dat it wat tafalt mei de foarseine rein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)