Rekôrtal gasten Flylân

21 nov 2012 - 15:37
  • Waadkust Flylân

Flylân ûntfangt dit jier in rekôrtal gasten. De teller stiet yntusken op hast 170.000 minsken en dat binne der mear as yn it foarige topjier 2009. Neffens de VVV op it eilân komt dat benammen troch de goeie simmer en troch de searje Dokter Deen. Dy spilet op it eilân en hat der foar soarge dat minsken der nijsgjirrich nei wurde.

De VVV ferwachtet dat de searje ek takom jier foar noch wat ekstra gasten soargje sil. Oft der dan wer in rekôr helle wurdt hinget benammen fan it waar ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)