Rekôrtal dielnimmers Bikkel Survivalrun

04 okt 2015 - 14:20

Survivalsport wurdt hieltyd populêrder. Dat wie snein te fernimmen by de Bikkel Survivalrun. De 22ste edysje by de Griene Stjer yn Ljouwert luts dit jier mei 1.600 in rekôr oan dielnimmers. Se moasten oer obstakels klimme, oer wetter slingerje, tokkelje en santich meter troch in dûker ûnder de autodyk troch.

De dielnimmers koenen kieze út in parkoers fan 5, 8 of 12 kilometer. By de tocht wienen 300 frijwilligers belutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)