Rekôrtal bleate fuotten op iis

26 jan 2013 - 17:08
  • bleate fuotten op iis thialf
  • bleate fuotten op iis thialf

Op it iis fan Thialf is sneon in rekôr brutsen. Net troch ien of oare topreedrider, mar troch in lytse 400 bikkels op bleate fuotten. Dit idee om mei safolle mooglik minsken op bleate fuotten in kilometer oer it iis te rinnen, is in inisjatyf fan de Friesland Post en Wim Hof, better bekend as The Iceman. Dy wol hjirmei sjen litte dat in minske mear kin as dat er tinkt. Ald-reedrider Jan Ykema die ek mei. It Guinness Book of Records moat noch de offisjele goedkarring jaan foar it nije rekôr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)