Rekôrtal besikers Planetarium

02 nov 2007 - 09:58

It Planetarium yn Frjentsjer lûkt dit jier in rekôrtal besikers. Tongersdei waard al de 40.000ste besiker teld en dat barde nea earder al sa betiid yn it jier. Gewoanwei lûkt it Planetarium alle jierren sa'n 35.000 besikers.

It feit dat Eise Eisinga en syn Planetarium opnimmen binne yn de kanon fan de Nederlânske skiednis smyt neffens konservator Warmenhoven in soad besikers op. It Planetarium sil no meikoarten útwreidzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)