Rekôrtal besikers foar Oerrock yn Oerterp

17 maaie 2015 - 16:13
  • Triggerfinger ferfong Kensington as headliner fan Oerrock

It Oerrockfestival hat dit jier in rekôrtal besikers lutsen. Der kamen dit kear 16.000 minsken op it evenemint fan trije dagen by Oerterp ôf. Dat der mear minsken west hawwe, komt ûnder oare omdat de organisaasje dit jier eltse dei 1500 kaarten mear ferkocht. Neffens de organisaasje hat it grutte tal besikers hjir en dêr ta problemen laat, mar sille dy by de folgjende edysje oplost wurde.

It Oerrockfestival waard dit jier foar de 16e kear hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)