Rekôrtal besikers Caravana

27 jan 2010 - 12:22

Kampearbeurs Caravana yn Ljouwert hat in rekôrtal besikers lutsen. Mei mear as 50.000 besikers wiene der 15 prosint mear besikers as ferline jier. Der kamen in soad besikers út Noard-Hollân, Gelderlân en Oerisel nei de beurs. De beurs duorre seis dagen.

Der binne standhâlders dy't takom jier mear romte hiere wolle, mar it is mar de fraach oft dat mooglik is. Dit jier wie alle romte ferhierd. Yn 2011 wurdt de beurs hâlden fan 20 oant en mei 25 jannewaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)