Rekôrpoging tekst lêze

09 sep 2010 - 17:52
  • Learlingen 't Heechhôf Drachten

Mar leafst 30.000 bern út hiel Nederlân ha tongersdeitemiddei tagelyk presys itselde stikje tekst lêzen. Om klokslach trije oere begûn de rekôrpoging, op inisjatyf fan de Stichting Lezen en Schrijven. Mei it evenemint advisearret dy stifting jong en âld om alle dagen in kertierke te lêzen.

Basisskoalle 't Heechhôf út Drachten die ek mei. Op dizze skoalle hawwe de 145 bern fan groep 5, 6 en 7 meidien en dy hawwe it allegear helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)