Rekôrpoging e-bike fytsen

27 mrt 2014 - 06:41
  • Fytse op in elektryske fyts

Beleef Friesland set it nije toeristysk seizoen útein mei in wrâldrekôrpoging e-bike fytsen. Doel is om kommende snein mei mear as 150 elektryske fytsen fan Makkum nei Gaast te fytsen. Dêrmei moat it rekôr yn it Guinness Book of World Records ferbettere wurde. Boppedat kin elkenien dizze dei by rekreaasjesintrum de Holle Poarte yn Makkum fergees in elektryske fyts útbesykje.

Beleef Friesland organisearret de dei tegearre mei E-Bike Fryslân en fytsefabrikant Batavus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)