Rekôropbringst by Voedselbankaksje fan Omrop Fryslân

18 des 2015 - 16:47

Nei twa wiken 'Samen voor de Voedselbank' by Omrop Fryslân is der foar sa'n 122.486 euro oan produkten ophelle. Dat is goed 7.000 euro mear as foarich jier. Yn totaal binne dit jier mear as 74.070 produkten sammele dy't ferspraat wurde kinne oer de itensbanken fan Fryslân.

'Samen voor de Voedselbank' is in aksje fan de regionale omroppen foar de itensbanken yn Nederlân. De aksje waard dit jier foar de twadde kear holden.

Guod sammelje

De ôfrûne wiken hawwe Friezen ferskate aksjes ûndernommen om guod foar de aksje te sammeljen. Ek wiene der santich supermerken twa wike lang in ynsammelpunt om guod yn te leverjen. It definitive oantal wurdt bekend makke as alle produkten teld binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)