Rekôromset foar garnalefiskers

09 nov 2012 - 19:35

De garnalefiskers koerse dit jier ôf op in rekôromset troch folle hegere prizen. De fiskers ha mei in omset fan 40 miljoen euro mear as it dûbele krigen yn fergelyk mei ferline jier. De fangst is itselde bleaun. Oarsaak fan de hege prizen is ûnder oaren dat de hannelers yn it begjin amper noch foarried hiene.

Ien en oar betsjut noch net dat elke garnalefisker in hiel goed jier draait. De brânstofprizen binne omheech gien en der moast noch in miljoeneboete fan de NMA betelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)