Rekôroantal kokkels teld op it Waad

11 sep 2015 - 11:07

Der binne noch noait safolle mearjierrige kokkels teld op it Waad as no troch ûndersyksynstitút Imares. De kokkelbanken lizze op tweintich prosint fan de drûchfallende Waadplaten. Dat meldt Natuurmonumenten. Doe't it meganysk fiskjen op dizze skulpen tsien jier lyn ferbean waard, gong it hiel min mei de kokkels.

Dat hie grutte gefolgen foar fûgels dy't se frette. No't der mear kokkels binne, sjocht boskwachter Erik Jansen fan Natuurmonuminten op it stuit mear strânljippen en eidereinen op it Waad.

De effekten bliuwe net beheind ta fûgels. Op plakken dêr't in hiel soad kokkels yn de boaiem sitte, is de kâns op nije mokselbanken ek grutter. Uteinlik docht it fertuten foar it hiele ekosysteem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)