Rekôrgroei agraryske eksport

17 jan 2014 - 13:54

De agraryske eksport út Nederlân nei it bûtenlân is ferline jier mei 4 miljard euro groeid oant 79 miljard. Dat is in nij rekôr. Fryslân bliuwt yn de agraryske sektor in hiel sterke provinsje. De eksportsifers binne noch foarlopich op basis fan ramingen fan it Landbouw Economisch Instituut, it LEI.

Aparte sifers foar Fryslân steane der net yn de ramingen. Neffens Krijn Poppe, ekonoom by it LEI, is de sterke posysje fan Fryslân foaral basearre op de suvel, it fleis en de kweek fan poaters.

It hannelsoerskot yn de agraryske sektor (it ferskil tusken eksport en ymport) bedroech ferline jier mar leafst 26 miljard euro. Dêrmei bliuwt de sektor tige wichtich foar ús lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)