Rekordtal ynstjoerings Top 100

20 des 2006 - 16:12

In rekordtal minsken docht dit jier mei oan 'e Fryske top 100 fan Omrop Fryslân. Harkers kinne dêrfoar harren fiif favorite nûmers opjaan. Ferline jier diene 5000 minsken mei, dit jier binne it tûzen mear. Mei-elkoar brochten dy goed 1100 nûmers yn, dêr't de top 100 út gearstald wurdt.

De Fryske top 100 is op Aldjiersdei te hearren op Omrop Fryslân Radio, oerdeis tusken healwei njoggenen en seis oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)