Rekordtal rêdingsoertochten KNRM

10 des 2005 - 14:24

It KNRM-rêdingsstasjon It Amelân-Ballumerbocht hat freedtenacht foar de 104e kear dit jier in pasjint ferfierd nei Holwert. Nea earder brocht it stasjon yn in jier tiid mear as hûndert pasjinten nei de fêste wal.

De KNRM-boaten binne derop ynrjochte minsken nei it sikehûs te ferfieren. Sa is der plak foar brancards en is der hertbewakingsapparatuer oan board. In ferklearing foar it rekordtal pasjinten is der lykwols net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)