Rekordomset foar toerisme

13 maaie 2008 - 08:04
  • Ek de wettersport belibbe topdagen

It Pinksterwykein hat de Fryske rekreaasjebrânzje rekordomsetten besoarge. De besetting wie de ôfrûne dagen 90 oant 100 persint, sa'n bytsje alle fekânsjehúskes en hotelkeamers sieten dus fol.

It is foar it earst dat der mei de Pinksterdagen sa'n hege besetting helle is yn de provinsje. Ek de wettersport belibbe topdagen. Fryslân wol foaral yn it foar- en neiseizoen noch mear toeristen lûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)