Rekord tal ynstjoeringen Liet

19 mrt 2002 - 00:00

Foar it festival Liet ha in rekord tal artysten har opjûn. Der binne 75 lieten ynstjoerd, alve mear as ferline jier. Ut de ynstjoeringen makket in sjuery in seleksje fan tsien lieten. Op 6 april wurde de finalisten bekend makke.

De tolfde edysje fan Liet is 27 april yn De Harmonie. De winner docht foar Fryslân mei oan Liet Ynternasjonaal mei dielnimmers út minderheidstaalgebieten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)