Rekord tal skippen Skylger haven

28 des 2003 - 00:00

De Skylger jachthaven hat ferline jier in rekord tal skippen in lisplak jûn. De 30.000e skipsoernachting koe ôfrûne sneon boekt wurde. It gong om it 13 meter lange syljacht Boreas fan in echtpear út Düsseldorf yn Dútslân. It jacht leit normaal yn Makkum.

It rekord fan ferline jier, goed 27.000 skipsoernachtingen, is hjirmei út de boeken. De winst is foaral helle yn it foar- en neiseizoen. Foaral de Oerol-perioade wie tige drok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)