Rekord tal kaarten Baarderlân

14 nov 2002 - 00:00

Foar it stik Baarderlân fan Tryater binne al mear as tsientûzen kaarten ferkocht. Dat is in rekord foar in foarstelling dy't op ferskate plakken yn de provinsje spile wurdt. Earder wie it Pronkje fan Ierlân de meast suksesfolle reisfoarstelling fan it Fryske selskip.

Baarderlân fan Romke Toering wurdt oant 22 desimber spile. Der binne fjouwer ekstra foarstellingen pland: yn Frjentsjer, Grins en Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)