Rekord tal besikers Boot

12 feb 2003 - 00:00

De beurs Boot Holland hat fan 't jier in rekord oantal besikers lutsen. Oant en mei tiisdei wiene dat der sa'n 42.000, mar ek woansdei wie der noch aardich wat oanrin. Ferline jier kamen der goed 40.000 minsken.

Snein wie de drokste dei, doe kamen der hast 15.000 minsken nei de beurs ta. It tal parkearplakken fan it FEC wie dy dei sels net mear tarikkend. Foar de beurs fan takom jier hawwe har al wer in soad standhâlders oanmelden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)