Rekord riden ûnder ynfloed

27 apr 2006 - 14:21

De plysje en de Marechaussee hawwe lanlik yn de perioade fan 16 oant 24 april 455 minsken betrape op autoriden ûnder ynfloed. De persoan dy't it measte dronken hie waard dêrby oanholden yn Fryslân.

De bestjoerder hie rom 5 kear safolle alkohol brûkt as tastien is. Yn totaal waarden sa'n 36.500 automobilisten kontrolearre op sa'n 270 lokaasjes yn it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)