Rekord-opbringst sutelaksje

21 okt 2001 - 00:00

De sutelaksje gie sneon by de tradisjonele boekemerk yn Drachten troch de 'magyske grins' fan in heal miljoen gûne hinne. De einstân fan 'e sutelaksje wie ƒ 511.000 gûne en dat is in rekord.

Wilens de sutelaksje binne sa'n 30.000 boeken en lûdsdragers ferkocht troch sa'n 1.800 frijwilligers. De Kâlde Erfenis fan Hylke Speerstra wie dit jier it bêst ferkochte boek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)