Rekord oantal pasjinten yn MCL

07 jan 2005 - 17:16

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat ferline jier foar it earst mear as in miljoen minsken oer de flier hân. Dêr binne ek minsken by dy't yn 2004 faker as ien kear yn it sikehûs west ha. Der ha ferline jier 15 persint mear deibehannelings west yn it MCL.

It sikehûs hat it jier mei in lyts posityf risseltaat ôfsletten. Foar 2005 wurdt in tekoart fan 1,5 miljoen ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)