Rekord foar Sutelaksje

02 okt 2006 - 10:24

De Sutelaksje koe ôfrûne freed in rekord byskriuwe. Nea earder waarden der yn ien plak safolle Fryske boeken ferkocht as freed yn Grou. De sechtich sutelders fan it Fryske Boek ferkochten foar sawat achttûzen euro.

De pleatslik bekende skriuwers Ulke Brolsma mei syn nijste roman 'Een slagje hier en een slagje daar' en Klaske Hiemstra mei 'It rinnen fan Silke' hearden ta de toppers. De sutelaksje duorret noch trije wiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)