Rekord ferkeap fjoerwurk

28 des 2002 - 00:00

Op de earste dei dat de ferkeap fan fjoerwurk begûn is, wurdt al foarsein dat der in rekord helle wurdt. Nei alle gedachten giet der ein dit jier foar fyftich miljoen euro de loft yn. Dat it fjoerwurk troch feilichheidsmaatregels djoerder is, makket net folle út.

De prizen fan in pakket fariearje fan 15 oant 300 euro. De djoerdere sierpylken binne dit jier populêr. De plysje hat al in soad yllegaal fjoerwurk yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)