Rekord dielname WK kuorbal

22 jan 2009 - 23:05

Fjirtjin lannen dogge dit jier mei oan de Junior World Cup 2009. Dat is it offisjeuze wrâldkampioenskip kuorbal foar lanneteams oant 19 jier. Dat toernoai wurdt lykas de ôfrûne twa jier yn it peaskewykein fan 9 oant en mei 12 april hâlden yn sportkompleks Kealledykje yn Ljouwert.

De dielnimmers komme út trije kontininten. Yndia is foar de earste kear fan ´e partij, Poalen en Súd-Afrika binne der dit jier wer by en fierder alle toplannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)