Rekord Amelanner Keunstmoanne

26 nov 2007 - 12:52

De keunstmoanne op It Amelân hat dit jier in rekordtal besikers lutsen. Der ha rûchwei 4500 besikers west. Dat is 15 prosint mear as ferline jier. Ek waard mear keunst ferkocht as oare jierren. De keunstmoanne is snein ôfsletten.

It is noch net dúdlik oft de keunstmoanne takom jier hâlden wurdt. Neffens de organisaasje moat der mear jild komme en mear frijwilligers. Der wurdt hope op provinsjale stipe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)