Rekôr Van der Bos yn Harns

30 jun 2013 - 18:10
  • Taeke, Daniël en Gert-Anne
  • Kening, rekôr en jierdei
  • Mei de lokwinsken fan Johannes Brandsma

De frije formaasjepartij yn Harns waard snein wûn troch Gert-Anne Van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. It partoer Van der Bos wûn mei 5-3 en 6-6 fan Hendrik Tolsma, Tjibbe Hansma en Martijn Olijnsma. De lytse preemje wie foar Haije Jan Nicolay, Hendrik Jan van der Velde en Jan Schurer. Foar de formaasje Van der Bos wie it de 42e oerwinning. Se ferbrekke hjirmei it rekôr fan de súksesfolle formaasje Sake Saakstra, Piet Jetze Faber en Johannes Brandsma út de jierren tachtich. Iseger, ek jierdei, waard kening yn Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)