Rekôr tal starters yn 2010

13 feb 2011 - 10:46

In rekôr tal minsken yn it Noarden is ferline jier foar him- of harsels begûn. Yn ferliking mei 2009 wie der in groei fan njoggen prosint, yn it lêste fearnsjier 16 prosint.

Neffens de Keamer fan Keaphannel is it dreech te sizzen wêr't de groei no krekt weikomt. Minsken mei in PGB, en dus sels soarch ynkeapje, wurde ek as eigen bedriuw sjoen. Mear minsken begûnen ek foar harsels om't se wurkleas rekken of om't har takomst yn fêste tsjinst ûnwis wurden wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)