Rekôr Snitswike-camping

12 aug 2010 - 15:18
  • Noch hieltyd drok op de camping

It is dit jier drokker as ea op de Snitswike-camping by de Snitsermar. Yn it begjin fan de Snitswike stiene der wol 3500 tinten op it terrein. Dat oantal rûn letter wol omleech, mar oer it generaal binne de ynkomsten fan de camping hast ferdûbele yn fergelyk mei ferline jier, 35.000 euro omset ferline jier tsjin 60.000 no.

Sels no't de Snitswike hast om is, steane der noch hast 300 tintsjes op de camping.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)