Rekôr kâlde nacht yn Fryslân

07 apr 2013 - 09:34
  • Termometer

It hat yn Fryslân noch nea sa kâld west op 7 april, as ôfrûne nacht, alteast, sûnt de temperatueren byhâlden wurde, sûnt de jierren fyftich. It kâldste waard it yn Starum. Dêr frear it 5,6 graden en oan de grûn 8,3 graden. It rekôr stie op -2,7 út 2008. Yn Ljouwert waard in temperatuer metten fan -4,7. It âlde rekôr stie op -4,6, út 1956. Op in soad plakken yn Nederlân waarden rekôrs ferbrutsen. Neffens waarburo Weerplaza waard it it kâldste yn Volkel: -10,7. Kommende nacht kin it noch licht frieze, mar dêrnei is it dien mei de winter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)