Rekôr foar Park Vijversburg mei yngenieus glêzen gebou

06 feb 2016 - 11:56

Park Vijversburg by Tytsjerk krijt it grutste selsdragende glêzen gebou fan Nederlân. Dat seit Audrey Stielstra fan de Stichting op Toutenburg. De bou fan it dak fan it glêzen paviljoen is tongersdei úteinset. Neffens Stielstra is it in komplekse konstruksje. De glêzen panielen rinne nammentlik yn in bôge en dêrfoar wienen eksakte berekkeningen nedich. De parten fan it dak falle dêrtroch as puzelstikjes tusken de 75 glêspanielen. Stielstra seit ek dat der nei in perioade fan fertraging, no wer gong yn it projekt sit.

Fan july ôf is de romte iepen foar it publyk. Villa Vijversburg is dan ek iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)