Rekôr foar Ljouwert Culinair

21 aug 2014 - 12:09
  • Sicht op Ljouwert Culinair fan de Aldehou ôf

Oan it kulinêre evenemint Ljouwert Culinair dogge dit jier 23 restaurants mei út Ljouwert en omkriten. Dat is in rekôr. De restaurants presintearje harren mei ferskate gerjochten en hapkes. Dat bart op 12, 13 en 14 septimber op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.

Nije dielnimmers binne ûnder oaren it Sminia Huys en Café Thús, it lunchkafee yn it Fries Museum. Ljouwert Culinair begjint mei in jazzkonsert. Op snein is der in bernemiddei.

De opbringst giet nei twa goeie doelen: de Vrienden van het Hospice Ljouwert en Spelend Sporten. Dat is in stifting foar sportende ferstanlik beheinden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)