Rekôr dielnimmers strontrace

16 okt 2013 - 06:29
  • strontrace

Mei noch in lytse wike te gean foar de start fan de Strontrace hat de organisaasje al in rekôroantal ynskriuwings. Sûnt de jubileumrace yn 1998 hawwe har net safolle skippen ynskreaun as dit jier. Foar de strontrace binne dat der 19, foar it beurtfear 18 en de fiskerij hat no al 25 skippen op de list.

De strontrace begjint kommende moandei yn Warkum, mar dit wykein is der ek al fan alles te rêden yn de haven, mei ûnder oare in fototentoanstelling oer 40 jier strontrace.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)