Rekôr by 50-plus beurs

23 okt 2014 - 19:44

De 50-plus beurs yn Surhústerfean is sûnt tongersdeitemiddei wer los. De beurs wurdt foar de fyfde kear holden. De 50-plussers kinne by kreamkes fan 58 bedriuwen delrinne. It giet om bedriuwen út de omkriten mei produkten dy't oanslute by de 50-plussers. Dat binne tema's lykas sûnens, wurk en fakânsjes.

Neffens de organisaasje binne de earste middei in rekôroantal fan 400 minsken nei it sealesintrum De Lantearne kaam. Besikers kinne ek freed en sneon noch nei de beurs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)