Rekonstruksje speedboatûngelok

06 apr 2010 - 14:40
  • Foto's: Omrop Fryslân

Der komt in fotorekonstruksje fan it speedboatûngelok op it Prinses Margrietkanaal by Grou. Dat hat it gerjochtshôf bepaald. By it ûngelok kaam yn juny 2008 in ynwenner fan Jellum om it libben.

Ut de rekonstruksje moat bliken dwaan wa't wêr op 'e boat siet. Dat sil neispile wurde troch figuranten. Op 'e sitting wurde ek noch seis tsjûgen heard. De advokaat fan 'e eigner en fan 'e bestjoerder hat dêrom frege. De sitting duorret twa dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)