Rekonstruksje sjitpartij

03 jun 2007 - 18:03

Yn Ljouwert is sneintemoarn de sjitpartij fan in pear wiken lyn rekonstrueard. By de sjitpartij tusken in groepke Antillianen op it krúspunt Grinzerstjitwei en Gebrandywei rekken twa skutters ferwûne.

Yn ferbân mei de rekonstruksje wie it bewuste krúspunt snein de hiele moarn ôfsletten. Spesjalisten hawwe besocht in byld te krijen fan wat der krekt foarfallen is. Op dit stuit sitte trije minsken fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)