Rekonstruksje oerfal juwelier

28 mrt 2011 - 14:59

De plysje hat moandei in rekonstruksje makke fan de oerfal op juwelier Kramer yn Ljouwert twa wike lyn. It filmke komt op de webside Dader Gezocht. De flechtrûte fan de oerfallers wurdt deryn toand. Der is oant no ta noch gjin spoar fan de dieders.

Koart nei de oerfal binne wol fiif minsken oppakt. Achterôf die bliken dat se neat mei de saak te krijen hiene. De scooter dy't doe by it Cambuursterpaad werom fûn is, is wol de scooter dy't by de oerfal brûkt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)