Rekonstruksje moard Haulerwyk

27 okt 2006 - 11:55

De plysje hat freed in rekonstruksje makke fan de moard op Marinus Ooms fan Haulerwyk. De 51-jierrige Ooms waard goed twa wike lyn dea fûn yn syn hûs oan de Slotemaker de Bruineweg. Hy wie mei in mes om it libben brocht.

De plysje hat tv-opnames makke by syn hûs. Der is besocht om syn libben sa folle mooglik yn byld te bringen. Der binne ek hynders brûkt, mar dy wiene net fan Ooms sels. De rekonstruksje is tiisdei te sjen yn Opsporing Verzocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)