Rekonstruksje fan skip Willem Barentsz yn Harns wer los

02 apr 2015 - 07:13

Fan tongersdei ôf wurkje sa'n 40 frijwilligers op de Willem Barentzwerf yn Harns wer oan de werbou fan it skip fan Willem Barentsz. It giet om in rekonstruksje fan it skip wêrmei't Willem Barentsz yn 1596 de noardlike skipfeartrûte nei Ynje farde. It skip rûn fêst by Nova Zembla, wêrnei't de bemanning dêr oerwinterje moast. Uteinlik slagge it yn de maitiid om mei twa lytse boatsjes werom te farren nei de noardkust fan Sibearië.

By de rekonstruksje fan it skip wurdt safolle mooglik gebrûk makke fan orizjinele materialen en wurkwizen.

Der is ek in ynformaasjesintrum yn Harns dêr't de tocht yn byld brocht wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)