Rekonstruksje fan 'Balkon-moard'

18 maaie 2005 - 08:56

De rjochtbank wol oer in moanne witte wat krekt bard is op in balkon yn Snits op 9 novimber ferline jier. In 67-jierrige frou kaam doe om it libben, omdat se fan in balkon foel of treaun waard. In 31-jierrige Snitser sit al sân moanne fêst, omdat er derfan fertocht wurdt de frou oer it balkon treaun te hawwen. Syn advokaat seit dat soks net bewiisd wurde kin.

De rjochtbank wol in rekonstruksje om de saak fierder behannelje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)