Reklamepriis Mazz Túnmeubels

20 mrt 2012 - 16:03
  • De winners fan de Fryske Reklamepriis yn 2012

De reklamespot fan Mazz Tuinmeubelen, dêr't Gijsbert en Femke fan Boer zoekt Vrouw in rol yn spylje, is by de televyzje winner wurden fan de Fryske reklamepriis 2012. By de radio wûn de Simmer yn Fryslân-spot fan de Rabobank. Dat is tiisdei bekend makke op de Bedriuwekontaktdagen.

Piet Paulusma rikte dêr de prizen út. Yn beide kategoryen wiene fiif reklames nominearre foar de priis. Dy waard fyftjin jier lyn yn it libben roppen om it brûken fan Frysk yn reklames te stimulearjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)