Reklamepeallen meie net altyd

28 mrt 2009 - 16:20

De gemeente Dongeradiel wol dat net oeral samar mear grutte reklamepeallen komme te stean. De gemeente fynt dat grutte buorden derfoar soargje dat it in rommeltsje wurdt. Reklame is tenei net mear tastien as it net dúdlik by in bedriuw heart of op stikken grûn dêr't hielendal gjin bedriuwichheid is.

Grutte allinnichsteande reklamepeallen meie wol as it in positive bydrage leveret oan de omjouwing en as it dêr ek past.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)