Reklameburo Uythof fallyt

07 okt 2010 - 12:15

It reklameburo Uythof Totaal Reklame út Frjentsjer is fallyt. It bedriuw is benammen bekend fan de reklamebuorden by profesjonele fuotbalklups. Der wurkje op it stuit noch trije minsken, in pear jier lyn wiene dat noch mear.

Uythof Reklame is yn de problemen kaam trochdat bedriuwen dy't reklame meitsje by proffuotbalklups troch de krisis folle minder jild útjouwe oan reklame en sponsoring. Ek hiene se hope op reklameynkomsten by klups yn de nije topklasse fan it amateurfuotbal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)