Reklamebelesting yn S'fean

20 nov 2009 - 10:20

Undernimmers yn it sintrum fan Surhústerfean moatte tenei reklamebelesting betelje. Dat hat de ried fan Achtkarspelen tongersdei besletten. Troch it ynfieren fan reklamebelesting moatte de kosten foar promoasje en aktiviteiten yn Surhústerfean earliker ferdield wurde.

No wurde dy kosten troch de leden fan de pleatslike ûndernimmersferiening betelle. Dêr is mar 60% fan 'e ûndernimmers lid fan, wylst wol alle ûndernimmers fan it wurk profitearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)