Reklamebelesting winkellju

29 sep 2009 - 12:26

Winkellju yn it sintrum fan It Hearrenfean moatte tenei reklamebelesting betelje. De ûndernimmersferiening HOV kaam in jier ferlyn mei dat plan omdat lang net alle ûndernimmers meibetelje oan aktiviteiten yn it sintrum, mar der wol fan profitearje.

Moandei gie de gemeenteried akkoart mei it útstel om fan de winkellju alle jierren 400 euro te barren. Hoe't dat krekt yn syn wurk gean sil, moat de gemeente de kommende tiid noch besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)