Reklame Ozon Snits mei

25 apr 2007 - 21:30
  • Behanneling by de toskedokter is noch altyd pynlik, fynt de Reclame Code Commissie

It bedriuw Ozon Tandzorg yn Snits mei trochgean mei advertinsjes wêryn 't stiet dat it bedriuw pynleaze toskedoktersbehannelingen fersoarget. Dat fynt de Reclame Code Commissie.

By dy kommisje wie in klacht binnenkommen, fan immen dy't fûn dat behannelingen by de toskedokter al lang net mear pynlik binne. De advertinsjes fan it bedriuw yn Snits soene minsken dêrom ûnnedich benaud meitsje. De kommisje fynt dat net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)