Rekladruk ynvestearret tonnen

18 mrt 2013 - 12:18
  • Rekladruk

Reklamedrukkerij Rekladruk út Gytsjerk stekt tonnen yn de oanskaf fan in fjouwer kleuredrukparse. Eigener René de Vries hat genôch fertrouwen yn de takomst fan syn bedriuw om no te ynvestearjen. De ynvestearring is opfallend yn in tiid dat in soad drukkerijen it swier hawwe of ûnderút geane en ek de marzjes yn de brânsj ûnder druk steane. Neffens De Vries is it yndied in drege tiid mar foar de bedriuwen dy't oerbliuwe binne der ek kânsen. Sa komt der bygelyks wurk frij omdat konkurrinten omfalle.

De Vries hopet wol dat der ynkoarten wer bettere tiden komme. By Rekladruk wurkje sa'n 10 minsken. Ferline jier helle it bedriuw in omset fan sa'n 1,5 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)