Rekket Balk syn bosk kwyt?

12 jan 2001 - 16:19

De Balksterbosk moat mooglik wike foar wenningen. De rie fan Gaasterlân-Sleat hat besletten de bosk net op te nimmen yn de boskwet. Dêrmei ûntstiet de mooglikheid foar wentebou op it plak.

Steatsboskbehear, no noch eigner, hat oanjûn de bosk wol kwyt te wollen oan de gemeente. Dy beslút oer in heal jier oer de definitive bestimming. De gemeente mei 300 wenten bouwe oant 2010.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)